KPATHP skoallekrante

Home
Archyf
Redaksje
Lid wurde?
Gasteboek en chat
Linken
Ynstjoere
Kalinder

Ynstjoere

Jim barste fansels allejear fan'e kreativiteit en inspiraasje. Jim wolle dus fêst in briljant stik of in grappige lerariteit ynleverje. Mar wêr??

kpathpbus.jpg

*die prachtig moaie KPATHP-bus hinget fansels net foar neat yn'e hal. Neist it eachstrieljende keunstwurk 'de sprong' (wa kint it net?) hinget dizze unùtputtelike bron foar skriuwtalent. Alst dyn artikel/stik/gedicht/etc. hjir ynsmytst, komt it (as it in goed artikel/stik/gedicht/etc. is fansels) yn'e nije skoallekrante.
 
 
*As de hal foar dy te fier rinnen is, of wolst net te ticht by 'de sprong' yn'e buurt komme, kinst it ùs maile. Ùs e-mailadres is kpathp@gawab.com
 
 
 
*As it echt, echt, eeeeeeeeecht net oars kin, kinst it ynleverje by yn fan'e redaksjeleden. Sjoch by de foto's wa't dat binne.
 
 
WANNEAR MOAT IK MYN STIKKEN YNLEVERJE?
Foar de deadline-datum! Wannear is de deadline dan?Yn de skoalle hingje faak prachtig moaie posters. Der stiet de deadline meastl wol op!
Fansels kinst ek altiid efkes sjen op disse web-side! De deadline foar it folgende nummer, mei it thema SEX, DRUGS, ROCK&ROLL is op 3 maaie.

08.jpg