KPATHP skoallekrante

Home
Archyf
Redaksje
Lid wurde?
Gasteboek en chat
Linken
Ynstjoere
Kalinder

Lid wurde?

Bisto..

  • ..stom
  • ..achterlijk
  • ..arrogant
  • ..lid fan Kids for Animals
  • ..fanatyk AdF-lęser?

gean dan net by de redaksje fan'e Kpathp!

Kinsto dy absoluut net fyne yn'e boppesteand taakomskriuwing en bisto op syk nei wat nijs?

Wy sykje in:

Haadredakteur (m/v)
Dizze funksje fereist wat organisaasjetalent. Do bist degene dy't alles yn goeie banen leidt. Do leidst byfoarbild de fergaderingen en soargest derfoar dat iederien syn stikjes op tiid ynlevert. Do skriuwst it foarwurd en eventueel ek oare stikken.

Eindredakteur/opmaak (m/v)
As eindredakteur bisto ferantwurdlik foar it eindresultaat fan'e krante. Do fersammelst alle stikken en makkest der in bjusterbaarlik moai geheal fan. Do moast de (spel)flaters der dus ek uthelje!

Redakteurs (m/v)
As redakteur skriuwst do leuke stikjes. It giet hjir net allinich om tekst, mar ek om oare dingen sa as strips, kwissen en puzzels. Foar elke krante leversto in bydrage, dus op syn minst ien stikje. En de deadline is hillich! (serieus)

Iederien is by de fergaderingen oanwęzich.

Lyket dit dy leuk en hast der tiid foar? Solliciteer! Skriuw dyn namme, de funksje węrst nei solliciteerst en dyn e-mail adres op in willekeurich stikje papier en goai dy yn'e Kpathp-bus yn'e hal.

Fynsto it leuk om wat te skriuwen foar de skoallekrante, mar hast gjin sin om redaksjelid te wurden en foar eltsenien bekend te węzen? Eltsenien kin stikken ynleverje, mei of sűnder namme derűnder (of pseudonym fansels).
Goai se yn'e Kpathp-kist yn'e hal of mail nei
kpathp@gawab.com

 

04.jpg